Hertha mooglik mei B-alvetal

By winst is Hearrenfean ticht by de folgjende ronde
Hertha BSC, tongersdei de tsjinstanner fan Hearrenfean yn de Europa Leaugue, komt mooglik mei in B-alvetal nei Fryslân. De Dútsers hawwe te krijen mei in soad blessearre spilers. Sa sille Dardái, Kacar, Bengtsson en Kringe troch in blessuere net meidwaan en is Ebert troch in reade kaart skorst. Boppedat oerwaget trainer Funkel spilers rêst te jaan.
De Berliners steane lêste yn de Bundesliga en de kompetysje is dêrtroch belangriker.