Kontrôle konteners Rotterdam

03 nov 2009 - 14:44

Steatssikretaris Tineke Huizinga fan Ferkear en Wettersteat stelt in ûndersyk yn nei it fêstsetten fan konteners op kontenerskippen. De oanlieding is dat in skip by Skylge koartlyn njoggen konteners ferlear.

De kommende wiken wurde 50 konteners kontrolearre dy't yn de haven fan Rotterdam binnenkomme. It giet om in ekstra ûndersyk njonken de gewoane skipsynspeksjes. De ynspeksje sjocht nei de kwaliteit fan it materieel en oft de regels wol folge wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)