Dútser net dea troch misdriuw
De Dútser dy't moandei dea fûn waard yn it wetter by Starum is net troch in misdriuw om it libben kaam. Mei dy konklúzje komt de plysje nei in ûndersyk.
Nei alle gedachten is de man net goed wurden en fan 'e boat fallen. Mei dy boat lei er yn de jachthaven fan Starum. It is de plysje noch net slagge om kontakt mei syn famylje te krijen.