Omrop-opnames Liet by CNN

03 nov 2009 - 13:33

Nijsstjoerder CNN hat op de website én op tv wiidweidich omtinken foar Liet Ynternasjonaal fan it ôfrûne wykein. De tv-reportaazje bestiet foar in grut part út opnames fan Omrop Fryslân tv, oanfold mei materiaal dat ferslachjouwer Simon Hooper makke.

Hooper prate op Liet mei dielnimmers oan Liet Ynternasjonaal en ek mei Liet-presintator MC Remon. "Muzyk meitsje yn in lytse taal dogge je foar it eigen publyk en foar de muzyk sels", sei de Fryske rapper tsjin CNN.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)