Vitens filteret brak wetter

03 nov 2009 - 12:14

It sâlte wetter rukt op yn Fryslân en bedriget de hjoeddeistige winning fan skjin drinkwetter. Om dy trend tsjin te gean start wetterbedriuw Vitens mei in nije winmetoade. Troch it brakke wetter mei membranen te filterjen ûntstiet wetter dat skjin genôch is om te drinken.

Vitens is it earste wetterbedriuw dat dy proef op sa'n grutte skaal útfiert. De proefopstelling waard tiisdei iepene achter it terrein fan Vitens yn Noardburgum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)