Viando sa gau mooglik wer los

03 nov 2009 - 11:47

Teeling Petfood wol binnen twa wike it bistefoerfabryk fan it fallite Viando yn Feanwâlden wer draaie litte. De nije eigner ferwachtet flink groeie te kinnen troch de oername. Ofnimmers fan it eardere Viando moatte sa gau mooglik wer hûne- en kattefoer krije .

Teeling Petfood nimt 15 fan de 40 Viando-meiwurkers oer. At it wer better giet mei de ferkeap fan katte- en hûnefretten wurde mooglik ek de oare 25 wurknimmers wer yn tsjinst naam. Begjin oktober gie Viando fallyt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)