FP&P hurdst groeiende saak

It bedriuw Food Processing & Partners út Wolvegea is de hurdst groeiende ûndernimming fan Fryslân. PricewaterhouseCoopers, de Rabobank, it ûndernimmerstiidskrift BIZZ en Porth4Growth (it platfoarm foar groeiûndernimmers) hawwe it bedriuw útroppen ta hurdste groeier.
Dat hat net allinne te krijen mei omsetsifers, mar ek mei de kwaliteit fan de groei. Food Processing & Partners makket fleis-, fisk- en aai- produkten foar produsinten.