Frou swaait mei mes

03 nov 2009 - 09:58

De plysje hat in ynwenster fan It Hearrenfean oppakt fanwege bedriging. De plysje krige de melding dat de 28-jierrige frou mei in mes stie te swaaien yn de Minckelersstraat en de Badweg.

Doe't de plysje oankaam wie de frou in hûs yngien. Dêr koe se oppakt wurde. By har oanhâlding fersette de frou har fûl. Se is fêstset op it plysjeburo. It mes is yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)