Grousters ferdield oer takomst

Wêr moat Grou hinne?
De ynwenners fan Grou binne it noch net iens oer wêr't it mei de gemeente Boarnsterhim hinne moat. Guont wolle fúsearje mei Ljouwert, oaren mei Hearrenfean of Tytsjerksteradiel. Ek binne der ynwenners dy't wolle dat Boarnsterhim selsstannich bliuwt of sy wolle earst in enkête hâlde.
Moandei wie de fjirde ynsprekjûn fan de gemeente, mar dy ferskilde mei de oare jûnen. De Grousters hawwe in soad krityk op 'e gemeenteried, benammen op de PvdA en it CDA.