Soad animo foar jirpelakademy

Goed tachtich jirpelboeren hawwe moandeitejûn yn Froubuorren de startbyienkomst bywenne fan de Fryske Poatjirpelakademy. Doel is dat jirpelboeren in tal kearen yn groepen byelkoar komme om kennis en ûnderfinings te dielen. Sadwaande kin de kwaliteit fan de jirpels ferbettere wurde
De Fryske poatjirpelakademy is in inisjatyf fan de boeren sels, LTO Noord, de provinsje, banken en hannelers.