Foerfabryk Feanwâlden oernaam

15 meiwurkers fan Viando hâlde wurk
It fallite bistefoerfabryk Viando yn Feanwâlden bliuwt dochs iepen. It bedriuw wurdt oernommen troch Teeling Petfood yn Hoogeveen. Nei de trochstart is der wer wurk foar 15 minsken fan Viando. Foar in pear fan de 25 oaren komt der mooglik noch in kâns as it wer better giet mei de ferkeap fan hûne- en kattefretten.
Viando gong begjin oktober fallyt. Ek it memmebedriuw Rodi Petfood gong oer de kop. Teeling Petfood yn Hoogeveen bestiet sûnt 1942.