Nije ploech foar Groenveld

Josephine Groenveld yn har âlde tenu
Hurdfytster Josephine Groenveld (27) fan Nijlân krijt in kontrakt by it Dolmans Landscaping Team. Dat is de nije Nederlânske frouljusploech dy't opsetten is troch maratonreedrydster Daniëlle Bekkering.
Doel is om jonge fytsers en oare sporters de kâns te jaan nasjonaal en ynternasjonaal troch te brekken yn it profesjonele hurdfytserssirkwy. Sels sit Bekkering ek yn de ploech. It NK stiet dit jier wol op it programma, mar it WK net.