Wer ferlies Hearrenfeanfroulju

Hearrenfean ferlear mei 2-0 fan AZ
De fuotbalfroulju fan Sportklup Hearrenfean hawwe ek de tredde wedstriid yn de kompetysje ferlern. Yn it stadion fan Telstar yn Velsen wie twafâldich lânskampioen AZ mei 2-0 te sterk. Chantal de Ridder wie yn de 10e en 38ste minút ferantwurdlik foar beide doelpunten.
De froulju fan Hearrenfean stean nei trije wedstriden mei nul punten op it lêste plak. Boppedat hat de ploech fan trainer Rick Mulder yn dy trije wedstriden noch net in goal makke.