Nij MFS foar Lippenhuzen

02 nov 2009 - 17:03

In besparring fan hûnderttûzenen euro's op de noch oan te lizzen ferwaarming yn it gemeentehûs fan Opsterlân smyt Lippenhuzen wierskynlik in nij multyfunksjoneel sintrum op.

De kolleezjepartijen yn Opsterlân hawwe dat fêstlein yn in amendemint op de begrutting fan takom jier. Dêr wurdt no oer praat. It jild wurdt ek brûkt om gau troch te gean mei it muzykynderwiis. Dat stiet no faai trochdat it sintrum foar de keunsten A7 yn finansjele problemen sit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)