Priis Frjentsjerter skoalle

02 nov 2009 - 16:45

Basisskoalle De Opslach yn Frjentsjer is yn de prizen fallen mei in ynternetprojekt fan sa'n 3000 skoallen yn Europa. Se hawwe op ynternet in útwikseling fan folksferskes út allegear lannen organisearre.

It Europeesk Platfoarm rikt alle jierren in saneamde ynternasjonalisearringspriis út. By De Opslach kinne se no dus bygelyks in folksferske út Letlân sjonge en yn Slovenië sjonge se yn it Frysk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)