Janmaat twa wedstriden skorst

02 nov 2009 - 15:50
  • Janmaat twa Europeeske wedstriden oan de kant

Hearrenfeanspiler Daryl Janmaat is yn de Europa Leaugue foar twa wedstriden skorst. De rjochtsback foel yn de wedstriid yn Berlyn tsjin Hertha BSC yn en krige nei twa minuten in reade kaart nei in oertreding op Pejcinovic. Janmaat mist no de thúswedstriid tsjin Hertha BSC en de útwedstriid tsjin Sporting Lissabon.

Hertha-spiler Patrick Ebert krige dy wedstriid ek in reade kaart en is foar ien wedstriid skorst. Ebert mist de wedstriid fan tongersdei yn It Fean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)