Liet Ynternasjonaal moat oars
De organisaasje fan Liet Ynternasjonaal wol de folgjende edysje oars oanpakke. Se binne wol hiel tefreden, mar der wiene mar 500 besikers, wylst der 900 yn de seal koene. Der wurdt sjoen oft oare lannen in gruttere rol spylje kinne by de organisaasje fan it festival.
Oare jier is it festival foar lieten yn minderheidstalen yn Skotlân.