Nij stasjon Snits mooglik

02 nov 2009 - 13:02

De gemeente Snits wol noch altyd in nij treinstasjon oanlizze oan de noardkant fan de stêd. Dat soe dan komme moatte yn de noch te bouwen nijbouwyk Harinxmalân tusken Snits en Skearnegoutum. Yn earder plannen soe dat de ein betsjutte foar it besteande stasjon Noard, mar moandei is begûn mei de oanlis fan in ekstra perron en in ekstra stikje spoar by dat stasjon.

Troch de oanlis fan in ekstra eintsje passearspoar kinne aanst net twa mar trije treinen yn de oere ride.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)