Benefytkonsert popbands Snits
Om foar te kommen dat sa'n 20 bands út Snits op strjitte komme te stean, komt der in benefytkonsert. De bands oefenje al jierrenlang yn de Popkelder yn 'e stêd, mar dy moat yn jannewaris ticht.
De Popkelder soe earst ferhúzje nei it brêgewachtershúske by de Geaubrêge, mar it wurdt te djoer om dat te ferbouwen.