Soad skea wenningbrân Kûbaard

02 nov 2009 - 06:45

Sneintejûn hat der brân west yn in wenning oan de P.Moensstrjitte yn Kûbaard. De brân is nei alle gedachten ûntstien troch koartsluting yn de dûs. Op it momint dat de brânwacht fan Wommels arrivearre sloegen de flammen út it dak.

Dochs koe de brânwacht it fjoer fluch ûnder kontrôle krije. It wenhûs koe behâlden wurde, wol is de skea oan de achterkant fan it hûs grut.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)