Sven Kramer wint 10.000 meter

Sven Kramer hat snein by de Nederlânske kampioenskippen ôfstannen op Thialf de 10 kilometer wûn. Kramer kaam oer de einstreek yn in tiid fan 13.04,95. Bob de Jong pakte it sulver yn 13.06,61 en Carl Verheijen it brûns yn 13.11,81.
Yn de earste rit op de 10.000 meter sette maratonreedrider Bob de Vries in tiid del fan 13.22,71. Mei dizze tiid helle er 20 sekonden fan syn persoanlik rekôr ôf en waard er sechsde.