Snits en De Jouwer ferlieze

01 nov 2009 - 16:33
  • Trainer Inne Schotanus (boarne: webside Snits Wyt Swart)

Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart hat op it eigen fjild met 3-0 ferlern fan De Treffers út Groesbeek. Snits krige wol in protte kânsen, mar doelpunten meitsje is op dit stuit it grutte probleem by de manlju fan Inne Schotanus. By de Treffers wiene Orin de Waard (twa kear) en Tony de Groot de doelpuntemakkers. Snits hat no njoggen punten út acht wedstriden.

It ûnderoan steande De Jouwer ferlear kânsleas fan koprinner Achilles '29 mei 5-0.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)