Balstjurrige man oanholden

© Omrop Fryslân
In 47-jierrige Drachtster is sneontenacht yn syn wenplak oanholden foar balstjurrigens. De man wie earder mei syn soan in kroech útset. Hy wie it dêr perfoarst net mei iens en woe ferhaal helje by plysjes dy't foarby kamen.
Dat die er net al te freonlik en boppedat begûn de Drachtster de plysjes beet te pakken. Allinnich mei geweld koe de man ûnder kontrôle krigen wurde. Hy hat de nacht fierder trochbrocht yn de sel.