Ynbrekkers op 'e die trapearre

01 nov 2009 - 13:57

Twa 30-jierrige Ljouwerters binne yn de nacht fan sneon op snein op 'e die trapearre doe't se ynbrutsen by in bedriuw oan it yndustrypark yn Boalsert. Om't it alaarm ôfgie koe de plysje gau warskôge wurde.

Doe't dy by it bedriuw oankamen koene se fuortendaliks ien fan de ynbrekkers oanhâlde. Nei in syktocht mei in speurhûn waard ek de twadde man fûn en yn de boeien slein. Beide manlju binne oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)