Ynbrekker oanholden op It Fean

© Omrop Fryslân
In Ljouwerter (36) is sneontenacht op de Ryksstrjitwei by Raerd oanhâlden op fertinking fan ynbraak. De man soe earder dy jûn ynbrutsen ha by in bedriuw oan de Wetterwille op It Hearrenfean.
In befeiligingsmeiwurker hie dat sjoen en sette de efterfolging yn. Hy wârskôge de plysje dy't de man by Raerd fan de dyk helje koe. Yn syn auto waard ynbrekkersark fûn.