4 PKN-tsjerken Ljouwert ticht

01 nov 2009 - 13:46

Der bliuwe yn Ljouwert dochs mar trije protestantske tsjerken iepen. Dat hat de algemiene tsjerkeried snein bekendmakke by de tsjinsten. Troch in weromrinnend tal tsjerkegongers wurdt it te djoer alle sân tsjerken yn Ljouwert iepen te hâlden.

Earder wie al besletten mar fjouwer gebouwen iepen te hâlden. Om't de tsjerkeried benaud is dat se oer in pear jier foar deselde diskusje stean, is besletten it no yn ien kear goed te dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)