Hânfest lytse talen oerset

01 nov 2009 - 13:23

De brosjuere Europeesk Hânfest foar regionale of minderheidstalen is krektlyn oerset nei it Nederlânsk en Frysk, ta gelegenheid fan de konferinsje Partnership for Diversity, ôfrûne freed en sneon yn Ljouwert.

It Mercator Kennissintrum, ûnderdiel fan de Fryske Akademy yn Ljouwert, hat hjirby syn meiwurking ferliend. Yn dit hânfest, dat yn 1998 yn wurking gong is, binne taal- en minskerjochten opnaam. 24 Europeeske lannen ha it hânfest ratifisearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)