Hearrenfean wint fan ADO

31 okt 2009 - 22:03
  • Papadopulos skoarde twa kear (foto: Martin de Jong)

Sportklup Hearrenfean hat de tredde oerwinning fan it seizoen helle. ADO Den Haach waard yn it Abe Lenstra stadion mei 3-0 ferslein. Roy Beerens sette syn ploech yn de 21ste minút op foarsprong. Krekt foar it skoft krige ADO-spiler Pascal Bosschaart in reade kaart.

Tsjin tsien man krige de aardich spyljende thúsploech genôch kânsen om de skoare te fergrutsjen. Michal Papadopulos die dat twa kear mei in kopbal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)