Ireen Wüst wint 3000 meter

31 okt 2009 - 17:55

Reedrydster Ireen Wüst hat sneon by de Nederlânske kampioenskippen ôfstannen de titel pakt op de 3000 meter. Wüst fan de TVM-ploech wûn op Thialf yn in tiid fan 4.11,52. Ploechgenoate Renate Groenewold waard twadde yn 4.12,46.

Diane Valkenburg pakt it brûns yn 4.13,29. Ek Moniek Kleinsma en Annouk van der Weijden pleatsten harren foar de wrâldbekerwedstriiden op de trije kilometer yn Berlyn en op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)