Iepen hûs kreakers Ljouwert

31 okt 2009 - 17:17
  • Iepen hûs by de kreakers
  • Lokaasje fan it eardere Fries Koffiehuis

De kreakers yn it sintrum fan Ljouwert ha sneon de doarren iepenset foar it publyk. It wie sneon de lanlike kreak-aksjedei as protest tsjin it kreakferbod fan de Twadde Keamer.

Dat hâldt yn dat kreakjen fan wennings tenei net mear mei en dus strafber wurdt. Goed tritich minsken kamen sneon ôf op it iepen hûs. Neffens de kreakers dy't sûnt njoggen moanne yn it Fries Koffiehuis wenje, hiene de besikers begryp foar de situaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)