Feteranekafee iepene

31 okt 2009 - 16:52
  • It feteranekafee is offisjeel iepene

Jonge feteranen mei oarlochstrauma's wurde net genôch opfongen. Dat seit marine-feteraan Jan Romkema. Hy is de inisjatyfnimmer fan it earste feteranekafee yn Fryslân.

Sneon iepen it feteranekafee foar it earst de doarren yn it nije multifunktioneel sintrum Caminghaburen yn Ljouwert. It is de bedoeling dat it kafee alle moannen iepen giet foar âldere en jongere feteranen. Net allinnich foar de gesellichheid, mar ek om ferhalen út te wikseljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)