'Farske fiskmerk Lauwerseach'

31 okt 2009 - 14:11

Lauwerseach soe in farske fiskmerk krije moatte. De kânsen foar sa'n merk soene hiel goed wêze, sa wurdt steld yn in helberheidsûndersyk dat dien is yn opdracht fan de stifting Waddengroep, dêr't ek de provinsje Fryslân yn sit.

It idee komt fan de alderearste farske fiskmerk fan ús lân, yn Den Oever, dy't fiif jier lyn begûn is. Dêr wurdt elke sneontemoarn duorsume en deifarske fisk ferkocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)