Schuil/Nummerdor winne yn Sina

31 okt 2009 - 13:18

Beachfoljeballer Richard Schuil fan Ljouwert en syn maat Reinder Nummerdor ha sneon yn it Sineeske Sanya it slottoernoai fan de Worldtour op har namme skreaun. It wie de tredde titel op rige foar de Europeeske kampioenen.

It duo wûn ek al de toernoaien yn it Finske Aland en yn Scheveningen. Yn de finale yn Sanya wiene Schuil en Nummerdor fierste sterk foar de Sineeske tsjinstanners Penggen Wu en Linyin Xu.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)