'Natura 2000-belied oanpasse'

Minister Verburg van Lânbou
It Natura 2000-belied yn Nederlân moat bysteld wurde om foar te kommen dat der aanst yn guon gebieten neat mear mei. It giet dan om de oanlis fan diken of de útwreiding fan boerepleatsen. Dat fynt de Fryske CDA-fraksje.
Natura 2000 is ynsteld om de natuer yn Europa te beskermjen. Dy regels knipe allinnich faak. It CDA-Fryslân sil der sneon op it partijkongres yn Utrecht by minister Gerda Verburg fan Lânbou op oantrune de wetjouwing oan te passen.