CDA'er wol soap ONM behâlde

CDA-Twadde Keamerlid Joop Atsma makket him sterk foar de BNN-soapsearje Onderweg naar Morgen. De netkoördinator fan Nederlân 3 hellet it programma fan de stjoerder omdat der te min nei sjoen wurdt.
Atsma komt dêr tsjin yn it gewear omdat hy fynt dat de netkoördinator net yngripe moat yn de programmearing fan in omroporganisaasje. BNN wol gewoan trochgean mei it programma. Earder hat Atsma him mei sukses ferset tsjin it skrassen fan Lingo.