Thijsje Oenema nei wrâldbeker

Thijsje Oenema (foto: Martin de Jong)
Reedrydster Thijsje_Oenema fan De Jouwer hat har freed pleatst foar de earste wrâldbekerwedstriden op de 500 meter. Se einige as fjirde op it NK ôfstannen en dat wie foldwaande foar pleatsing. Oenema kaam yn har earste 500 meter ta in tiid fan 39,07 en op de twadde ride se 39,00.
De Nederlânske titel gie nei Annette Gerritsen. Se liet Margot Boer en Marianne Timmer achter har. De earste wrâldbekerwedstriden binne takom wike yn Berlyn en in wike letter op It Fean.