Soad oarders skipsbouwer

Oarderportefúlje noch oant 2013 fol
De oarderportefúlje fan De Vries Scheepsbouw yn Makkum sit fol oant ein 2013. It bedriuw hie al opdrachten foar de nijbou fan trije grutte jachten fan tusken de 88 en 99 meter lang, mar sil no ek noch twa jachten folslein renovearje.
De klanten fan de skipsbouwer hawwe noch genôch jild om skippen te bouwen of te renovearjen. De resesje liket oan harren foarby te gean.