Treinen Starum ride sneon wer

30 okt 2009 - 13:45

Sneon ride der wer treinen tusken Snits en Starum. Twa wike lang waarden de reizgers op dat trajekt mei bussen ferfierd om't der wurke waard oan it spoar. Der is 5 kilometer spoar ferfongen, mar der is ek socht nei munysje.

Dat om't der by Hieslum yn de Twadde Wrâldoarloch in munysjetrein opblaasd is. It spoar en de omjouwing deromhinne binne sekuer ûndersocht. De 30 brisantgranaten dy't fûn binne wurde oare wike ta ûntploffing brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)