Mear macht troch weryndieling

30 okt 2009 - 10:18

Neffens dosint Jan Riedman fan Windesheim komt de winsk ta wweryndieling benammen fan besjoerders, want dy wolle mear macht. Riedman sei dat tongersdei yn Ljouwert by in diskusje mei deputearre Sjoerd Galema. Riedman sjocht mear yn gemeentlike gearwurking as yn weryndieling.

Goed 40 minsken, wêrûnder in soad wethâlders en in inkele boargemaster, diskusjearren mei. De diskusje wie organisearre troch it Frysk Deiblêd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)