Himpkwekerij op It Fean

De plysje hat tongersdei in hennepkwekerij oprôle yn in hûs yn de Kornelis de Wildestraat op It Hearrenfean. Nei oanlieding fan in tip gie de plysje de wenning yn. Op de boppeferdjipping trof de plysje in himpkwekerij oan mei goed 1700 planten. Ek waarden pûdsjes mei drugs fûn.
Al it guod is yn beslach naam en ferneatige. De plysje hat in 30-jierrige man fan It Hearrenfean oanholden.