Untslach foar psycholooch Grou

30 okt 2009 - 07:32
  • De Grouster krige dien by de Hanzehegeskoalle

In psycholooch út Grou hat dien krige by de Hanzehogeschool yn Grins, omdat er wurke as dosint wylst er in beropsferbod hat. Dat skriuwt it Dagblad van het Noorden freed. It beropsferbod is de man oplein fanwege seksueel misbrûk fan in pasjinte.

De Hanzehogeschool wie net op 'e hichte fan it beropsferbod, omdat de skoalle net ferplichte is it ferline fan syn dosinten te ûndersykjen. De saak kaam oan it ljocht troch in útstjoering fan RTL.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)