Sylvia Smit skoart seis kear

Sylvia Smit wie goed op skot (foto: sc Hearrenfean)
Hearrenfeanspylster Sylvia Smit hat tongersdei seis fan de trettjin doelpunten makke yn de wedstryd fan it Nederlânsk frouljusalvetal tsjin dat fan Masedoanië. It gie om in wedstryd yn de kwalifikaasjerige foar it wrâldkampioenskip. Neist Sylvia Smit skoarde ek Hearenfeanspylster Sherida Spitse. Sy soarge foar ien doelpunt.
Nederlân stiet no op it tredde plak yn groep twa. It wrâldkampioenskip wurdt yn 2011 hâlden yn Dútslân.