Rie Dongeradiel foar fúzje

30 okt 2009 - 07:01

De gemeenterie fan Dongeradiel hat him tongersdei útsprutsen foar in fúzje mei Dantumadiel. It giet om in earste stap. In definityf beslút falt net earder as yn 2011. Oan dy tiid ta wurdt neier ûndersyk dien nei de fúzje en wurdt besocht de ynwenners derfan te oertsjûgjen dat sa'n fúzje in goede stap is.

Dongeradiel en Dantumadiel wolle de kommende tiid ek noch besjen oft mear gemeenten har oanslute wolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)