Hearrenfean lottet PSV

In swiere tsjinstanner foar It Fean
Sportklup Hearrenfan moat it yn de achtste finale fan de KNVB-beker opnimme tsjin PSV. Dat wie de útkomst fan de lotting nei ôfrin fan de wedstriid FC Dordrecht-Ajax. De wedstriid yn it Abe Lenstrastadion wurdt spile op 22 of 23 desimber.
Oare wedstriden tusken de lêste sechstjin ploegen yn de KNVB-beker binne FC Grins-NEC, Baronie-Sparta, FC Twente-Helmond Sport, Feyenoord-AZ, Heracles-Go Ahead Eagles, WHC-Ajax en Jong De Graafschap-NAC Breda.