Flyers winne yn ekstra tiid

29 okt 2009 - 23:28
  • De Flyers wûnen mei 6-5 (argyffoto Martin de Jong)

De Hajé Flyers ha tongersdeitejûn yn de ferlinging mei 6-5 fan Grins wûn. De Grinzer Grizzlies namen op it eigen iis yn de earste perioade in 4-1 foarsprong. Yn de twadde perioade waard de stân troch de Flyers yn it lykwicht brocht. Dy perioade waard mei 3-0 wûn. Nei de 1-1 yn de tredde perioade soarge Erik Landman foar de winst yn de ekstra tiid.

De Flyers moatte noch ien wedstriid spylje yn de bekerkompetysje. In plak yn de play-offs sit der net mear yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)