13.000 kúb wetter yn garaazje

Yn Ljouwert is tongersdeitejûn de âlde kelder fan it Provinsjehûs ûnder wetter set. Sa kinne drukferskillen beheind bliuwe as der fundearrings-peallen yn 'e grûn boarre wurde foar de nijbou.
Yn totaal wurdt foar de hiele operaasje 13.000 kúb wetter út de stedsgrêften de kelder ynpompt. Foar de ein fan dit jier moat de fundearring fan it nij te bouwen Provinsjehûs hielendal klear wêze.