Seldsume fûgels yn De Houtwiel

29 okt 2009 - 21:06

Yn natoergebiet De Houtwiel by Broeksterwâld binne in grut tal seldsume fûgels ûntdutsen. Dat docht bliken út in fûgeltelling. Yn totaal binne der goed fyftich ferskate soarten oantroffen. In grut tal wurdt mei útstjerren bedrige. Sa binne der reiddompen en blauboarstjes sjoen.

Boskwachter Jacob Bijlsma is tige bliid mei de goede resultaten fan de telling. Natuergebiet De Houtwiel is 220 hektare grut.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)