Frou út azc Appelskea fermist

(foto: dadergezocht.nl/plysje Fryslân)
De plysje siket minsken dy't mear witte fan de ferdwining fan Sam Sam Omar Ali. De 23-jierrige frou wennet yn it asylsikerssintrum yn Appelskea, mar is sûnt ôfrûne snein fermist.
Sam Sam Omar Ali is 1.65 meter lang, se hat in rûn gesicht en hie op 'e dei dat se ferdwûn in felblauwe holdoek om. De plysje freget minsken dy't frou Omar Ali sjoen hawwe of witte wêr't se no is om kontakt op te nimmen.