Fertochte De Blesse noch fêst

Ida Klijnstra waard juny 2008 fermoarde
De 28-jierrige fertochte yn de moardsaak Ida Klijnstra fan De Blesse, bliuwt yn alle gefallen noch fjirtjin dagen fêstsitten. Dat hat de rjochtbank besletten. De ynwenner fan Wolvegea is ferline wike oppakt. Wat krekt syn rol west hat by de moard op frou Klijnstra yn juny 2008, wurdt op dit stuit ûndersocht. Hy wurdt derfan fertocht dat er belutsen west hat by de moard.
De man sels ûntkent elke belutsenheid by de moard op Ida Klijnstra.