Kustwachtskip Waker sloopt

Brân yn de masjinekeamer fan 'De Walker'
It kustwachtskip de Waker wurdt net opknapt. Begjin septimber bruts op njoggen kilometer boppe Flylân brân út yn de masinekeamer fan it skip. Mei help fan ferskate rêdingsboaten en de marine is it fjoer útmakke. Dêrnei is it skip nei de haven fan Den Helder brocht foar ûndersyk.
Bliken dien hat dat de Waker te folle skea hat troch de brân. De kosten foar it reparearjen fan it skip binne te grut. De Waker wurdt sloopt en ûnderdielen sille recycled wurde.